Wurdt wekker fersmitenen der ierde!

It iennichste erfskip fan syn heit wie
syn âlde lamperadio en it raede sosjalistyske
findel, dat wie oars yn de container kommen
foar de earme minsken yn de tredde wrâld,
mar as hy der oer prakkesearde wie it
hjir gjin hier better.

In syn tinzen kaam de âld man elke moarn
út bêd in sjekje al efter syn ear
lykas groeide dy der nachts.
It wie in falske en smoarge fertoaning
as hy de Internationale oan it fluitsjen
wie, by it iten fan syn wjekke bôle

De âld man leauwde yn de befrijding
fan de arbeider, en ferdieling fan it kaptaal
hy wie te faak teloarstelt en as hy dan
syn sneinse buorrel dronk skold hy,
boeren en bakfytsen do moast beide traapje!

De âlde baas leit op it tsjerkhôf yn
in kiste fol moaie idealen, de griene
poarte fan molkefabryk “de Takomst” giet
net mear iepen sûnder krûpoalje,
de twa winkels yn it doarp ferkeapje
deade miggen en stofnêsten.

Wurdt wekker fersmitenen der ierde!

© Marten Visser.

Geplaatst in Uncategorized.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *