Mikarutsjes

Op de memmeskerte nei wie,
it de feilischste plak op ierde.
Mei de rêch tsjin de âlde reekstoel
fan heit, en de breiden sokken fan
beppe tsjin de swarte koalekit.
Ferskûle yn myn eigen dreamwrâld
fan papier mei de aventoeren
die Sietse en Hielke Klinkhamer
op harren boat belibben. Op de
eftergûn de âlde Philips radio dy
mei syn griene knypeach alles seach.
Op de skoarstienmantel de âlde
pendule dy ûs stadich mar fêst nei
in oare tiid loadste
It wie betsjoenend de âlde swarte
koalekachel mei syn readgleonje
mikarûtsjes, sa moast it faaiefjoer
der ek útsjen. Ik fielde my grutsk
dat ik dit fjoer mocht oppookje fan
ús heit.
De oergong fan de waarme keamer,
nei de kâlde sliepkeamer wy yn fantasij
de oerwintering op Nova Zembla, my
de iisblommen oppe rûten,
as riedseleftiche lânkaarten fan
geheimsinnige oarden, dy allinnich
yn dyn tinzen bestie.

© Marten Visser

Geplaatst in Uncategorized.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *